Nije Campus Middelsee yn Sint-Anne offisjeel yn gebrûk naam

15 okt 2015 - 18:58

De learlingen fan de nije Campus Middelsee yn Sint-Anne binne wiis mei harren nije skoalle. Sa is de skoalle folle grutter as se wend binne en binne de foarsjennings better. Dat die tongersdeitemiddei bliken by de offisjele iepening fan de campus.

Yn it gebou sitte meardere middelbere skoallen byelkoar. Ek is der in kantoar fan it Leerwerkplein. Dat moat der foar soargje dat de learlingen ûnder oaren staazje rinne kinne by lokale ûndernimmers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)