50Plus: Net meibetelje oan Universiteitscampus

15 okt 2015 - 17:26

De provinsje moat net meibetelje oan in fêstiging fan de Ryksuniversiteit Grins yn Ljouwert. Dat fynt de fraksje fan 50PLUS yn Provinsjale Steaten.

De provinsje wol 18 miljoen euro útlûke foar it plan. Mar neffens 50PLUS is universitêr ûnderwiis gjin kearntaak fan de provinsje. Dy miljoenen kinne better stutsen wurde yn it basisûnderwiis yn Fryslân, om bygelyks skoallen iepen te hâlden dy't mei sluten bedrige wurde, fynt de partij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)