Krisisneedopfang yn Frjentsjer foar 200 flechtlingen

15 okt 2015 - 16:14

Yn sporthal De Trije yn Frjentsjer wurde fan nije wike ôf twahûndert flechtlingen opfongen. De gemeente Frjentsjerteradiel biedt foar twa kear 72 oeren krisisneedopfang oan. De flechtlingen komme nei alle gedachten moandei.

De gemeente Frjentsjerteradiel organisearret de opfang yn gearwurking mei it Reade Krús, de Feilichheidsregio Fryslân en frijwilligers. Minsken dy't yn de buert fan de sporthal wenje, binne tongersdeitemiddei mei in brief op de hichte brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)