Plysje siket fermiste frou út Tytsjerk

15 okt 2015 - 14:37

De plysje siket de sûnt 1 oktober fermiste Patricia Bakker út Tytsjerk. De 36-jierrige frou gie fan hûs yn in swart leren jaske, in ljochte skinny spikerbroek en swarte Nike sportskuon.

Patricia Bakker is 1 meter 60 lang. Se hat heallang brún hier mei krullen en blauwe eagen. Wa't har sjocht, kin de plysje belje.

Trefwurden: 
plysje fermist Tytsjerk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)