Tsiisbunker op Flylân ein oktober iepene

15 okt 2015 - 12:03

De Flylanner tsiisbunker wurdt op sneon 31 oktober iepene troch boargemaster Tineke Schokker. De tsiisbunker is makke ûnder it âlde pompgebou fan wetterbedriuw Vitens yn de dunen fan Flylân. Neffens tsiismakkerij De Vlielander Zelfkazer hat it gebou de ideale omstannichheden om de tsizen rypje te litten.

De earste tsizen lizze al yn de opslach. Vitens droech it gebou yn 2011 oer oan Steatsboskbehear, mar dy koe der gjin nije bestimming foar fine. Yn it pompgebou boppe de bunker is in eksposysje ynrjochte oer de histoarje fan it gebou.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)