Kollum: "It nijs fan de Bûten Post"

15 okt 2015 - 08:57

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op tongersdei de radiokollum fan Bart Kingma. Bart Kingma wennet yn Ried en wurket as programmamakker by Omrop Fryslân. Dêrneist is er kollumnist foar De Moanne en beheart er in eigen webside www.debutenpost.nl. Yn 2010 ferskynde fan syn hân de roman ‘Griene Simmer’. De kollum fan Bart bestiet út in oersjoch fan de (satiryske) nijsberjochten út De Bûten Post.

"Goeiemoarn, dit is it nijs fan De Bûten Post fan dizze wike.

Tsientallen histoarisy wolle yn de koffer fan Mata Hari dûke. In soad manlju biede har frijwillich oan om it ferhaal oer de koffer fan de koertisane hielendal út te plúzjen. De gemeente Ljouwert hat yntusken in wachtlist opsteld. Doe't fan 'e wike bekend waard dat de koffer fan Mata Hari foar 't ljocht kaam wie, mar algau dêrnei twivels kamen oer de echtheid dêrfan, wie dat foar histoarisy in prachtige gelegenheid om sa gau mooglik de koffer yndûke te wollen.

Yn de demonstraasje 'eigen folk earst' dy't freed yn Ljouwert holden wurde sil, sille ek in flink oantal swarte Piten meirinne. De knechten binne benaud dat mei de komst fan tûzenen flechtlingen harren banen ôfpikt wurde. Foaral Eritreeërs soenen in bedriging foarmje foar de Piten. De tasizzing fan de measte Sinteklazekomitees dat yn Fryslân de Piten foarearst gewoan swart bliuwe meie, stelt harren noch net gerêst, en dêrom sille se freed meirinne mei in eigen spandoek 'eigen Pyt earst'.

Kondooms reitsje yn Fryslân it faakst los tidens de died. Dat docht bliken út ûndersyk fan erotykwinkel Pabo. Noch de ûndersikers, noch de Friezen sels hawwe in slutende ferklearring foar it opmerklike feit. Dielnimmers oan it ûndersyk moasten ûnder oaren oanjaan hoe faak it rubber lossjit mei in frijpartij. Yn ús provinsje die bliken dat yn goed acht persint fan de gefallen foar te kommen, folle faker as op oare plakken yn it lân. Neffens de ûndersikers is der mooglik sprake fan diskrepânsje tusken de maat fan it kondoom en de maat fan it geslachtsdiel.

De kommende oardel jier sille we te meitsjen krije mei ien simmer en mar leafst twa winters. Dat is de langetermyn-foarspelling fan waarman John Havenga. Neffens him is it hiel goed mooglik dat der yn oardel jier tiid twa winters foarby komme sille. Alle healjierren docht Havenga in foarspelling foar 18 moannen. Yn april foarseach er noch dat ús doe yn oardel jier tiid twa simmers en ien winter te wachtsjen stie.

Ferkear. De gefolgen fan stakingsaksjes fan bussjauffeurs binne merkber yn it hiele lân. Net allinnich yn Amsterdam en Utrecht leit it busferfier plat, ek yn tsientallen lytse doarpen yn Fryslân ride hjoed gjin bussen. Ut ûnder oaren Readtsjerk, Wyns, Peins, Lollum, Nijhuzum, Warns, Bantegea, Sânhuzen, Sweagerbosk en Kollumerpomp komme meldings binnen dat dêr hjoed gjin bussen ride. Wannear't de bussen wer yn de doarpen komme sille is noch net bekend.

Mear nijs op www.debutenpost.nl of folgje De Bûten Post fia Facebook en Twitter"

Lês mear stikken fan Bart Kingma op De Bûten Post. Freed wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Nynke Sietsma.

Trefwurden: 
De Toan fan Bart Kingma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)