Aksjes foar nije CAO yn it lytsmetaal gean net troch

15 okt 2015 - 08:17

De aksjes foar in nije CAO yn it lytsmetaal binne foarearst fan de baan. Dat is woansdeitejûn besletten yn in haastgearkomste fan de fakbûnen FNV en CNV. Hoewol 't de leden net hielendal tefreden wiene oer it akkoart dat berikt waard, stelden se aksjes foarearst út. Sa krije de fakbûnen mear tiid om mei de leden te oerlizzen.

De aksjes yn it grutmetaal geane wol troch. Freed stake der by it Abe Lenstrastadion meiwurkers fan ûnder oare Hubert yn Starum, Landustrie yn Snits, Accell op It Hearrenfean en de Avek út Surhústerfean.

Meardere fakbûnsbestjoerders sille de stakers byprate oer de ûnderhannelings oer de arbeidsbetingsten.

Trefwurden: 
lytsmetaal aksjes CAO
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)