Oftraap lanlike kampanje foar mear skoalmasters yn Ljouwert

15 okt 2015 - 08:04

Der binne fierstente min masters op de basisskoallen. En dat moat oars. Dêrom jout Minister Bussemaker fan ûnderwiis tongersdeitemoarn op it stasjon fan Ljouwert de ôftraap foar de kampanje 'Veel Meer Meester'. Yn Ljouwert start in treinreis troch hiel Nederlân om manlju waarm te meitsjen foar it fak fan skoalmaster.

Ferskate bekende Nederlanners stappe ûnderweis yn de trein om mei te dwaan oan de kampanje. De NHL Hegeskoalle yn Ljouwert is ien fan de inisjatyfnimmers fan it projekt. Der dogge yn totaal santjin pabo's mei.

Foar it ûnderwiis yn Nederlân is it wichtich dat der mear manlike leararen foar de klasse komme te stean. It persintaazje manlju op de learare-oplieding Pabo is no mar trettjin prosint.

Op de Pabo fan it NHL yn Ljouwert lizze de sifers oars, dêr is ien op de trije studinten in man

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)