Krityk op minister oer Fryske taal yn rjochtbank

14 okt 2015 - 21:52

Twadde Keamerlid Lutz Jacobi fan de PvdA hat skriftlike fragen steld oan de minister fan feiligens en justysje oer it brûken fan de Fryske taal yn de rjochtbank. Oanlieding is dat de behanneling fan de rjochtsaak fan it deadlik ûngelok mei de dongsilo yn Makkingea yn Almelo plakfynt. Letter waard dat Zwolle.

Jacobi wol witte wêrom't in rjochtsaak dy't sa bot ferbûn is mei de provinsje Fryslân yn Oerisel behannele wurdt. Juridysk is nammentlik fêstlein dat saken mei in sterk regionaal karakter yn dy regio behannele wurde meie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)