"Fuotgongersbrêge Bûtenpost wurdt fierstente djoer"

14 okt 2015 - 20:29

De fuotgongersbrêge dy't boud wurde sil oer it spoar by stasjon Bûtenpost, wurdt fierstente djoer. Dat skriuwt de VVD-fraksje oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Achtkarspelen. De plande brêge, ek wol 'passerelle' neamd, is bedoeld om in feilige ferbining te meitsjen tusken it parkearplak oan de noardside fan it spoar nei de súdside, rjochting it doarp en it gemeentehûs.

Der sil 500.000 euro foar de brêge útlutsen wurde. It is ûnderdiel fan de grutte werynrjochting fan it stasjonsgebiet yn Bûtenpost.

De VVD tinkt dat de brêge net troch rolstoelbrûkers en fytsers brûkt wurde sil, en dus net folle taheakket oan de feilichheid. Op 29 oktober is de begruttingsgearkomste yn de gemeente Achtkarspelen, dêr't dit ûnderwerp oan de oarder komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)