FIDEO: Mohammed út Syrië nei syn tredde Fryske opfangplak

14 okt 2015 - 19:10

Ien fan de flechtlingen dy't freed nei de opfang yn Ljouwert giet, is Mohammed. Hy ferbliuwt no noch mei syn frou en trije bern yn it opfangsintrum yn Kollum. Hjirfoar siet it gesin yn de opfanglokaasje yn Harns. Doe troffen wy Mohammed en makken in reportaazje. Woansdei sochten wy him wer op. Hoe is it no mei him en syn famylje? Mohammed jout oan dat hy it wichtich fynt dat syn bern gau wer nei skoalle gean.

Wy praten ein septimber ek mei him, doe't er noch yn it opfangsinstrum yn Harns siet. Dat ynterview is hjir te finen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)