Dr. Botkeskoalle yn Damwâld is 'freedsume' skoalle

14 okt 2015 - 16:05

De Dr. Botkeskoalle yn Damwâld mei himsels fan woansdei ôf offisjeel in 'freedsume' skoalle neame. De skoalle hat it sertifikaat dêrfoar woansdeitemoarn krigen fan boargemaster Sicko Heldoorn. Op in freedsume skoalle wurde spesjale lessen jûn om skellen en narjen tsjin te gean. Ek leare de bern hoe't se rûzjes sels oplosse kinne. De Dr. Botkeskoalle is al twa jier dwaande mei de spesjale lessen.

Ut ûndersyk docht bliken dat de sfear op skoallen dy't meidogge oan it programma foar de freedsume skoallen, signifikant ferbetteret. Bern binne rêstiger en gean better meielkoar en mei de juffen en masters om, sa wurdt sein. Der binne yntusken sa'n 750 freedsume skoallen yn Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)