Plysje fynt auto yn Van Starkenborghkanaal

14 okt 2015 - 16:01

De plysje yn Grins hat woansdei de auto fûn yn it Van Starkenborghkanaal, dêr't ûnder oaren in frou fan 20 jier út Ljouwert yn siet. De auto rekke yn de nacht fan tiisdei op woansdei yn it wetter. Yn earste ynstânsje wie folslein ûndúdlik wat der bard wie. Yn de auto siet ek in man fan 37 jier.

Nei't no stadichoan dúdlik wurden is, binne de man en de frou der beiden yn slagge om sels út de auto te kommen en nei in hûs in ein fierderop te rinnen. Dêr hat de man alarm slein, mar hy prate gebrekkich Nederlânsk. Hy koe net goed dúdlik meitsje wat der bard wie. De man waard nei it sikehûs brocht, mar de frou út Ljouwert waard oer de holle sjoen en bleau swier ferwûne achter yn de tún fan it hûs. Sy is pas letter fûn en nei it sikehûs brocht.

Der waard fannacht ek nei de auto socht yn it kanaal, mar no hat bliken dien dat dat op it ferkearde plak wie. Der binne no spoaren fûn, dy't dúdlik meitsje dat de auto in ein fierderop yn it wetter lizze moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)