Muzykferiening Harns mist ynkomsten troch stikkene auto

14 okt 2015 - 12:06

De âld papier auto fan de Stedelijk Muziekvereniging Harlingen is stikken en jild om dy te reparearjen is der net. De motor fan it weintsje is fêstrûn en it opknappen sil de feriening sa'n 4000 euro kostje. Mar dat jild hat de feriening net.

Sadwaande wurdt der al twa wiken lang gjin âld papier mear ophelle troch de muzikanten. En dat betsjut dat de feriening in grut part oan ynkomsten misrint. Ynwenners fan Harns kinne harren âld papier no ynleverje by twa konteners dy't de gemeente delset hat yn de stêd.

De gemeente Harns tinkt net dat it grutte problemen opsmite sil no't it âld papier weintsje net mear rydt. De gemeente seit dat minsken yn 'e binnestêd harren âld papier nei de konteners bringe kinne.

Wol stiet de gemeente iepen om mei de Stedelijk Muziekverenging Harlingen te praten oer in alternatyf foar it weintsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)