Lytse 80 sliep-units yn WTC-hal foar opfang flechtlingen

14 okt 2015 - 11:37

Der binne in lytse 80 units delset yn de hal fan it WTC-Expo yn Ljouwert foar de needopfang fan flechtlingen. Yn dizze units komme fjouwer stapelbêden te stean, en ek klúskes. It WTC biedt de kommende moannen opfang oan maksimaal 600 flechtlingen.

Freed komme de earste minsken, nei alle gedachten binne dat in pear hûndert. Foar dizze minsken wurde njonken de units om te sliepen ek in hoeke mei húskes en dûskes ynrjochte, in hoeke foar iten en drinken en in hoeke foar ûntspanning.

Op de grûn wurde noch fliertegels lein om it lûd wat te ferminderjen. Al mei al is it noch in hiele put om de hal foar freed klear te krijen, seit WTC-direkteur Jan Spoelstra. Der wurkje sa'n 50 oan de klus.

De yngong fan de hal komt oan de sydkant. Dêr komt ek befeiliging te stean, sadat net eltsenien hjir samar nei binnen rinne kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)