Befeiliger trappearret metaaldief op bouterrein Ljouwert

14 okt 2015 - 09:58

In 63-jierrige Ljouwerter is yn de nacht fan tiisdei op woansdei oppakt foar it stellen fan metaal. In befeiliger seach op kamerabylden dat de man oer it stek klom fan in bouterrein oan it Suderplein yn Ljouwert. Hy warskôge de plysje.

De fertochte hie ynbrekkersark by him. Ek trof de plysje metalen, lead, izer en aluminium by him oan. De Ljouwerter sit fêst op it buro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)