Auto-ynbrekker trappearre en oppakt yn Drachten

14 okt 2015 - 08:55

De plysje yn Drachten hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei in ynbrekker oanhâlden. De plysje krige in melding fan in bewenner fan de Fabriciusleane dy't seach dat de ynbrekker by syn auto stie. De plysje seach de fertochte, in man fan 40 jier sûnder fêst wenplak, en hat him oanhâlden. Dêrby waard peperspray brûkt om't de man net meiwurke.

De fertochte hie allerhanne ark by him dat brûkt wurdt foar ynbraken yn auto's. De man sit noch fêst foar fierder ûndersyk. De plysje slút net út dat der yn mear auto's ynbrutsen is.

Trefwurden: 
auto-ynbrekker Drachten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)