Kommisje oprjochte foar oanpak predatoaren greidefûgels

14 okt 2015 - 07:52

De fûgelwacht BFVW wol de predatoaren fan de greidefûgels oanpakke. It bûn hat in kommisje oprjochte dy't mei de provinsje, boeren en jagers maatregels nimt, lykas it ôfsjitten fan predatoaren. Dêrneist moatte der middels as bewegingsmelders en nachtkikers ynsetten wurde om de predatoaren te trappearjen.

Dat is neffens it bûn hurd nedich. De lêste fjouwer jier stabilisearet it oantal greidefûgels nei't de stân de lêste 15 jier sterk achterút rûn. Mar de predatoaren lykas de foks meitsje in soad slachtoffers, seit it BFVW.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)