Dutch Solar Challenge 2016 begjint yn Amsterdam

13 okt 2015 - 21:04

De Dutch Solar Challenge 2016 hat Amsterdam binnenhelle as startplak. De fan oarsprong Fryske race mei boaten dy't farre op sinne-enerzjy, moat troch yn Amsterdam te starten grutter en ynternasjonaler wurde. Sa sil der in parade troch de grêften wêze en sil der in race oer de Amstel hâlden wurde.

Hjirnei sil it ynternasjonale dielnimmersfjild nei Fryslân farre om dêr fierder te racen. It konsept fan de Dutch Solar Challenge is dat de sinneboaten de etappes sa fluch mooglik ôflizze. De wedstriid fynt plak fan 2 oant en mei 9 july 2016.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)