"Mooglik nije wike wer krisisopfangplakken nedich"

13 okt 2015 - 20:10

It is goed mooglik dat der fan nije wike ôf wer in berop dien wurdt op de Fryske gemeenten foar nije krisisopfang. Foarsitter Ferd Crone fan de Feilichheidsregio Fryslân slút dat net út. De Feilichheidsregio betellet mei-inoar de ekstra kosten fan de krisisopfang fan flechtlingen yn de gemeenten Achtkarspelen, Kollumerlân en Súdwest-Fryslân. Dat is omdat de flechtlingen langer yn de sporthallen en it skoalgebou bleaun binne, as dat earst de bedoeling wie.

De sporthallen fan Warkum en Kollum en in leechsteande skoalle yn Gerkeskleaster binne op dit stuit ynrjochte as krisisopfanglokaasje. It WTC yn Ljouwert wurdt no ynrjochte as opfang foar in perioade fan trije moanne.

By de oankomst fan de flechtlingen by it WTC yn Ljouwert sil der in demonstraasje wêze, rjochte tsjin de komst fan dy flechtlingen. Nick de Vries fan Ljouwert ropt op syn Facebookpagina minsken op om mei te dwaan. Hy hat in fergunning foar de demonstraasje oanfrege by de gemeente. Boargemaster Crone seit dat dêr noch nei sjoen wurde moat, mar dat yn prinsipe it rjocht op demonstrearjenjildt.

Tonny van den Berg hearde goed 10 jier lyn by de saneamde 'Lonsdale"-jeugd dy't yn Dokkum fûl protestearre tsjin de komst fan it asylsikerssintrum. No sjocht hy folslein oars tsjin de komst fan flechtlingen oan.

Trefwurden: 
krisisopfang flechtlingen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)