Ingrid Faber fan Faber-Halbertsma machtichste frou

13 okt 2015 - 19:02

Ingrid Faber fan de Faber Halbertsma Groep is troch it tydskrift Opzij útroppen ta machtichste froulike ûndernimmer fan Nederlân. Faber Halbertsma Groep makket en ferhiert pallets. It bedriuw is ûntstien út in fúzje tusken it Fryske Halbertsma en Faber.

Se hawwe in omset fan 255 miljoen en in merkoandiel fan 40%. Neffens Opzij is Faber ien om yn de gaten te hâlden.

Trefwurden: 
Ingrid Faber Halbertsma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)