Leechste arbeidspartisipaasje yn Harns: 61 persint

13 okt 2015 - 12:02

Friezen hawwe minder faak betelle wurk as lanlik it gefal is. Dat docht neffens it Frysk Sosjaal Planburo bliken út sifers fan it Sintraal Buro foar de Statistyk CSB. Yn Fryslân hat hast 64 persint fan de befolking in betelle baan. Lanlik is dat ien prosint mear. Nei de provinsjes Grinslân, Limburch en Drinte, hat Fryslân it leechste persintaazje.

Yn Fryslân binne der tusken de gemeenten wer grutte ferskillen. De gemeente mei de heechste arbeidspartisipaasje is Littenseradiel mei mear as 67 prosint. Harns is de leechste mei 61 prosint.

Trefwurden: 
Harns arbeidspartisipaasje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)