Plysje nimt sân kear auto yn beslach fan deselde man

13 okt 2015 - 10:13

In 67-jierrige ynwenner fan de gemeente Súdwest-Fryslân is yn it wykein foar de sânde kear syn auto kwytrekke oan de plysje. De man waard foar de sânde kear oanhâlden foar it riden sûnder rydbewiis.

Omdat eltse kear op 'e nij bliken die dat hy syn auto net fersekere hie, waard ek de auto eltse kear op 'e nij yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)