Gjin wetter út de kraan yn grut diel Súdeast-Fryslân

13 okt 2015 - 07:34

Troch in steuring yn de wetterlieding komt by húshâldens yn ûnder oare Sigerswâld, Fryske Peallen, Oerterp, Bakkefean, Wynjewâld, Donkerbroek, Drachtsterkompenije, Easterwâlde en Appelskea tiisdeitemoarn gjin wetter út de kraan.

Neffens wetterbedriuw Vitens is der in 'spontaan lek' ûntstien yn in haadtransportlieding yn de omkriten fan it wetterwinstasjon Terwisscha by Appelskea. Dat lek wurdt sa gau mooglik tichtmakke. Troch de steuring hawwe húshâldings of hielendal gjin wetter of in hiele lege wetterdruk.

Vitens sil besjen oft de doarpen dy't tiisdeitemoarn gjin wetter hiene ek lâns in alternative rûte fan wetter foarsjoen wurde kinne.

Trefwurden: 
wetter Oerterp Vitens
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)