Kwalitaria 't Luifeltje út Burgum bêste snackbar fan Fryslân

12 okt 2015 - 22:43

Snackbar Kwalitaria 't Luifeltje yn Burgum is de bêste Fryske snackbar yn de Misset Horeca Top 100. De kafetaria einige op it 14e plak. It fakblêd Misset Horeca publisearret alle jierren ranglisten fan ûnder oaren bêste kafetaria's, restaurants, hotels en kafees.

Njonken it Luifeltje steane ek De Canterlanden yn Gytsjerk (26e), Restaurette 't Snackbaerske yn Beetstersweach (32e), Snackbar De Kolk yn Bakkefean (51e), Snackpoint De Passage yn Wolvegea (63e) en 't Kruuspunt yn Ballum (Amelân, 66e) dit jier yn de top 100.

Nûmer ien waard Alida's Smulpaleis út Roden. De folsleine list stiet op de webside fan Misset Horeca.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)