Keninklike Hoareka benaud foar kealslach binnenstêd Ljouwert

12 okt 2015 - 22:23

Keninklike Hoareka Nederlân warskôget foar in kealslach yn de Ljouwerter binnenstêd as de gemeenteried net mei in fisy komt op grutskalige hoareka. Op it stuit is der al in soad leechstân yn it sintrum fan de stêd. Net allinnich winkels mar ek hoarekagelegenheden steane leech.

No't it Wereldrestaurant plannen hat foar in festiging oan de Helikonwei yn Ljouwert stelt Derk Jan Lange fan Keninklike Hoareka dat it tiid wurdt goed nei te tinken oer de takomst.

De belangeferiening is net benaud foar konkurrinsje mar warskôget de gemeenteried al foar ûnomkearbere stappen. Krijt de iene partij tastimming foar in grut restaurant oan de iene side fan de stêd, dan folget oan de oare kant al gau in oare en dat hat konsekwinsjes foar oare gebieten yn de stêd. Meikoarten praat de gemeenteried fan Ljouwert oer dit ûnderwerp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)