Dronryp krijt folslein nije brêge oer Van Harinxmakanaal

12 okt 2015 - 21:01

Dronryp krijt in nije brêge oer it Van Harinxmakanaal. Dat hat Deputearre Steaten besletten. De hjoeddeistige brêge is goed 60 jier âld en ferkeart yn minne steat. De provinsje hat in oantal opsjes oerwage, mar hat úteinlik besletten in folslein nije brêge te bouwen.

Dizze wurdt breder en heger. "Ferfier oer it wetter is in duorsume wize fan ferfier. Dêr wolle wy as provinsje graach yn ynvestearje", seit deputearre Sietske Poepjes. "Op dizze wize kinne gruttere skippen gebrûk meitsje fan it kanaal en bliuwt it doarp Dronryp goed berikber."

De kosten wurde rûsd op 13,5 miljoen euro. De brêge moat mids 2018 klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)