Beswieren yn Sondel tsjin útwreiding plomfeebedriuw

12 okt 2015 - 20:03

De grutte stâl fan plomfeehâlder Pietersma fan Sondel is in gefaar foar de folkssûnens. Dat stelt beswiermakker Ed Landman fan Sondel. Hy makke moandei by de beswierskriftekommisje fan gemeente De Fryske Marren beswier tsjin de fergunning dy't de gemeente ôfjaan wol oan it bedriuw.

Neffens Landman, dy't sels eigener is fan in rekreaasjesintrum, is der perfoarst gjin kontrôle op de útstjit. Yn de ynstallaasje sit gjin filter wylst dat earst al ien fan de easken wie. Om't de filters ûntbrekke, is der in soad stjonk- en stofoerlêst.

Dat is ta skea fan it toerisme, seit Landman. Hy fynt dat de gemeente te maklik fergunnings ôfjout en dan ek noch neilit dy te hânhavenjen. De Fryske Marren liket krekt op Volkswagen yn dit dossier, sa stelt Landman. Se kontrolearje allinnich de fabryksgegevens mar litte nei de feiten te ûndersykjen.

Yn in reaksje seit de gemeente De Fryske Marren dat de fergunningsoanfraach oan alle easken foldocht. As de beswierskriftekommisje oardield hat, nimt it kolleezje fan boargemaster en wethâlders in stânpunt yn oer de fergunningsoanfraach.

Trefwurden: 
plomfee Sondel beswier
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)