Tonnen foar doarpen gemeente Ljouwert

12 okt 2015 - 19:32

Der wurdt 650.000 euro ynset om knyppunten op te lossen yn de nije doarpen fan de gemeente Ljouwert. It giet om Jirnsum, Warten, Warstiens, Wergea en Reduzum dy't nei de weryndieling by de stêd kaam binne. Yn al dy doarpen wiene winsken op it mêd fan diken, pleinen en oare saken dy't ûnder de 'ynfrastruktuer' falle.

Sa wurdt yn Jirnsum it doarpsplein werynrjochte, yn Warstiens de dyk ferbrede en krijt Wergea in boartersplak njonken OBS De Twamêster. Ek yn Warten en Reduzum steane ferskate saken op steapel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)