Stichtingsbestjoer bliuwt by bestjoerskonstruksje SC H'fean

12 okt 2015 - 18:30

It Stichtingsbestjoer fan SC Hearrenfean bliuwt by it ûntslach fan deistich foarsitter Jelko van der Wiel en bliuwt ek by de bestjoerskonstruksje sa as dy no is. Dat meldt it stichtingsbestjoer yn in brief. Wol geane de bestjoerders mei yn de oprop fan Foppe de Haan en Riemer van der Velde. Dy pleitsje derfoar dat der wer ienheid komt yn de klup.

It bestjoer fan SC Hearrenfean bestiet út it Stichtingsbestjoer (tsien minsken) en it deistich bestjoer, de one-tier board (sân minsken). De leden fan dy OTB binne ferdield yn twa kampen.

As dat net gau oplost wurdt, skriuwt it stichtingsbestjoer, dan moat der yngrepen wurde en moatte der nije bestjoerders komme. Wol bliuwe se by it ûntslach fan OTB-foarsitter Van der Wiel, om't er net genôch haast makket mei drege dossiers binnen de klup, lykas de hier fan it stadion en de finansjele stân fan saken.

Lês hjir it brief fan it Stichtingsbestjoer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)