Dryltser oargelist en dirigint Popke Pruiksma riddere

12 okt 2015 - 17:20
Underskieding - Foto: ANP

Popke Pruiksma fan Drylts hat snein in keninklike ûnderskieding krigen. Hy is by keninklik beslút beneamd ta ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau. De 70-jierrige Pruiksma is dirigint fan de Snitser Kantorij, dat snein it 40-jierrich jubileum fierde.

Dêrnjonken hat hy him fertsjinstlik makke as ûnder oaren oargelist en as bestjoerslid fan ferskate ferienings en koaren. Boargemaster Hayo Apotheker fan de gemeente Súdwest-Fryslân rikte de ûnderskieding út.

(advertinsje)
(advertinsje)