Oanlis passanteplakken Noardlike Bolwurken Frjentsjer begûn

12 okt 2015 - 15:59

Yn Frjentsjer wurdt dizze wike begûn mei de oanlis fan passanteplakken by de Noardlike Bolwurken. Dêr kinne boatsjeminsken oanlizze as se de alvestêderûte farre. Oant no ta koenen minsken fanút de boat de binnenstêd fan Frjentsjer wol sjen, mar koenen se der net oanlizze.

De passanteplakken wurde oanlein mei each foar it histoarysk karakter. As it nedich is, wurde de âlde bolwurken hersteld en fersterke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)