Provinsjale dyk by Ternaard yn hjerstfakânsje ticht

12 okt 2015 - 14:45

De provinsjale dyk bij Ternaard is nije wike (19 o/m 23 oktober) ôfsletten. Dat is nedich omdat de Holwerterdyk yn Ternaard dan opnij straten wurdt. It ferkear moat omride fia Dokkum, dat stiet mei buorden oanjûn.

De bussen wurde ek omlaat, mar de halte oan de Hantumerwei yn Ternaard wurdt wol brûkt. It wurk wurdt mei opsetsin yn de hjerstfakânsje dien, sadat skoalbern der gjin lêst fan ha.

Trefwurden: 
Ternaard provinsjale dyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)