Slachtoffer trekkerûngelok by Nijlemmer ferstoarn

12 okt 2015 - 14:23

Op de Hoofdwei yn Nijlemmer hat moandeitemiddei in slim ferkearsûngelok west. Dêrby is in 59-jierrige man út Wolvegea om it libben kaam. It slachtoffer fytste mei syn frou oer de dyk doe't er oanriden waard troch in trekker. De man ferstoar op it plak fan it ûngelok. De frou rekke net ferwûne.

De trekkerrider, in 38-jierrige man, is oanhâlden en wurdt noch heard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)