Koffer fan Mata Hari skonken oan de gemeente Ljouwert

12 okt 2015 - 13:29

In wol hiel spesjaal kado waard moandei oanbean oan de gemeente Ljouwert. De koffer fan Mata Hari waard skonken troch meubelferkeaper Piet Kapenga fan Bûtenpost, hy hie him al ris kocht út de erfenis fan de famylje Zelle. Kapenga jout de koffer oan de gemeente Ljouwert omdat dy him sa goed holpen hat by de iepening fan in nije meubelsaak yn Ljouwert. Wethâlder Feitsma is tige ynnommen mei it kado. Der sil no ûndersyk dien wurde nei de herkomst fan de koffer.

Mata Hari (1876-1917), de artystenamme fan de Ljouwerter Margaretha Zelle, wie dûnseres yn it begjin fan de 20e ieu. Yn de earste wrâldoarloch soe se dûbelspionne west hawwe foar de Frânsen en de Dútsers. Yn 1917 kaam se foar it fjoerpeloton. Mata Hari is wrâldferneamd wurden en der binne ferskate boeken oer har skreaun en films oer har makke. It Fries Museum hat noch in kolleksje fan har besittings. Yn 2017, 100 jier nei har dea, komt der in grutte tentoanstelling oer Mata Hari yn it Fries Museum. Yn dat jier wurde ek de gerjochtsdokuminten oer har dea offisjeel iepenbier. Dan moat úteinlik dúdlik wurde at se écht in dûbelspionne wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)