Beammen oan Frjentsjerter rûnwei wurde roaid

12 okt 2015 - 12:34

De beammen by de rûnwei fan Frjentsjer lâns wurde roaid. De gemeente Frjentsjerteradiel sil dêr yn novimber mei oan de slach. Troch de hege leeftiid fan de beammen driget der gefaar dat de tûken by hurde wyn ôfbrekke en op de dyk telâne komme.

De beammen dy't fuorthelle wurde, sille wol ferfongen wurde troch nije.

Trefwurden: 
Rûnwei beammen Frjentsjer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)