Bewenners fan Leppehiem skowe oan yn nije ytseal

12 okt 2015 - 12:24

Tige wiis binne de bewenners fan mienskipsintrum Leppehiem út Akkrum mei de nije ytseal. De alderein kin no einlings wer byinoar sitte mei it kofjedrinken en it iten.

Sy hawwe dêr in skoft op wachtsje moatten, om't de ytseal ticht moast foar in grutte ferbouwing. En dat soarge foar oerlêst foar de bewenners, om't sy bûtenom rinne moasten om elkoar te sjen en dát slagge net foar eltsenien. De bewenners binne de meiwurkers sa tankber foar de nije seal dat sy in jildbedrach byinoar sammele hawwe foar in kadobon foar de meiwurkers

Direkteur Evert Fokkema krige moandeitemoarn de spesjale kadobon fan 900 euro. De nije seal hat de namme ''It Fermidden'' krigen en is opdield yn gesellige hoekjes, sadat minsken byinoar sitte kinne of yn lytse groepkes apart. De weriepening fan de nije seal soe eins al op 1 maaie, mar dat slagge net troch de fynst fan asbest yn it gebou.

Trefwurden: 
Leppehiem ytseal Akkrum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)