Soargen oer brânwacht yn Achtkarspelen

12 okt 2015 - 10:16

Gemeentebelangen Achtkarspelen makket har soargen oer de frijwillige brânwacht yn de gemeente. De partij stelt dêrom fragen oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders. Se wolle witte wat der wier is fan it nijs dat der leechrin driget by de frijwillige brânwacht en wat de gemeente dwaan kin om dit tsjin te gean.

Yn Achtkarspelen bestiet it brânwachtkorps foar it grutste part út frijwilligers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)