Fryske jongeren yn de race foar fotopriis Wrâld Natuer Fûns

12 okt 2015 - 10:10

Trije Fryske jongeren meitsje kâns op in grutte fotopriis fan it Wrâld Natuer Fûns. In faksjuery hat yn totaal 75 foto's nominearre yn trije kategoryen. Yn dizze sjuery sit ûnder oare ek ferneamd fotograaf Frans Lanting.

De nominearren binne de acht jier âlde Roos Tijmes fan Boalsert, mei in foto fan twa apen yn de Apenheul, de 16-jierrige Sanne Li út Frjentsjer mei in foto fan in oehoe, en de 16-jierrige Roosmarijn Jongstra fan It Hearrenfean mei in foto fan in ûle yn har achtertún. De priisútrikking is op 13 desimber.

Trefwurden: 
WNF fotopriis
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)