Man ferwûne by ûngelok op fiskersskip yn Harns

12 okt 2015 - 10:07

Yn de haven fan Harns is moandeitemoarn in persoan ferwûne rekke by in bedriuwsûngelok op in fiskersskip yn de haven fan Harns. It slachtoffer kaam troch noch ûnbekende oarsaak ûnder in grut metalen stik fiskersark telâne. De brânwacht is op it stuit (10.00 oere) dwaande it slachtoffer te befrijen. De traumahelikopter is oproppen, ek is der in ambulânse oanwêzich. It is net dúdlik hoe't it mei slachtoffer is.

Trefwurden: 
ûngelok fiskersskip Harns
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)