Skiermûntseach op it glêsfezelnetwurk

12 okt 2015 - 07:21

Op Skiermûntseach wurdt moandei begongen mei de oanlis fan it glêsfezelnetwurk. It giet om 1300 oanslutings oer it hiele eilân. Kabelbedriuw KabelNoord leit it glêsfezelnet oan. De ôfrune wiken hat der in skou west om te sjen op hokker plak de kabels de huzen yngean moatte. By dy skou binne de ynwenners ek ynformearre oer de wurksumheden. As alles klear is hawwe de minsken deselde foarsjennings, mar wol mei in folle hegere ynternetsnelheid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)