Knegt twadde yn einklassemint Invitation Cup Dordrecht

11 okt 2015 - 13:24

Shorttracker Sjinkie Knegt is snein twadde wurden yn it einklassemint fan de Invitation Cup yn Dordrecht. Yn de earste ynternasjonale krêftmjitting fan it seizoen, moast Knegt syn meardere erkenne yn de Hongaar Sandor Liu Shaolin.

Knegt waard snein tredde op de 500 meter efter de Hongaren Knoch en Liu Shaolin. Op de 1000 meter waard Knegt twadde, efter opnij Shaolin. Daan Breeuwsma fan Aldeboarn helle it poadium net. Hy waard fiifde yn it einklassemint.

De relay waard in desepsje foar Knegt en-dy. Troch in fal waarden se lêste. Hongarije wûn de relay, foar Kazachstan en Grut-Brittannië.

By de froulju waard Suzanne Schulting fan De Tynje fjirde. Se wûn de 1000 meter, waard tredde op de 1500 meter en njoggende op de 500 meter.

De frouljusploech, mei dêryn de Friezinnen Suzanne Schulting en Roza Kooystra, wûn de relay wol. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)