Benefytkonsert foar Syryske flechtlingen yn Snits

11 okt 2015 - 12:34

Snitsers hâlde snein in benefytkonsert foar Syryske flechtlingen. It konsert begjint sneintemiddei om 15:30 oere yn de Noardertsjerke. It programma bestiet út optredens fan Syryske musisy en artysten út Snits en omkriten.

De opbringst giet nei it Reade Krús. Wethâlder Stella Van Gent docht de presintaasje. It inisjatyf is ta stân kaam neidat de Snitsers kontakt hiene mei musisy ûnder de flechtlingen út Syrië.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)