Iepen huzerûte yn Ljouwerter Hollanderwyk lûkt soad besikers

11 okt 2015 - 11:50

De iepen huzerûte yn de Ljouwerter Hollanderwyk hat best in soad besikers lutsen. Allinnich al by de lêzing oer de histoarje fan de wyk, wiene 150 minsken oanwêzich. Guon stiene yn 'e gong of op 'e trep om der noch wat fan mei te meitsjen.

De iepen huzerûte is ien fan de aktiviteiten dy't hearre by de fiering fan it 100-jierich bestean fan de wyk. Wykbewennners makken hjirfan gebrûk om ris byinoar binnen te sjen, mar der wiene ek in soad âld bewenners dy't nochris om it hoekje sjen woenen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)