Ljouwerter wykagint warskôget Facebookers tsjin haatsiedzje

11 okt 2015 - 10:47

De Ljouwerter wykagint Esther van Minnen docht in oprop op Facebook tsjin negative teksten oer de tastream fan flechtlingen. Sy wol dat minsken ophâlde mei it fersprieden fan geruchten oer mooglike opfanglokaasjes foar flechtlingen.

Neffens har jouwe de berjochten ûnrêst yn de wyk. Se wiist op 'smakeleaze' teksten op Facebook en se warskôget dat 'haatzaaien' strafber is. Van Minnen is plysje yn de wiken Aldlân en de Wielenpôle yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)