Basketballers Aris bûge pas yn slotfaze foar Donar

10 okt 2015 - 23:31

De basketballers fan Aris hawwe it seizoen iepene mei in nederlaach. Yn It Kealledykje waard it tsjin Donar út Grins 65-73. De nije trainer fan de Ljouwerters Michael Schuurs seach syn jonge ploech sterk útein setten tsjin titelkandidaat Donar. By it skoft stie Aris mei 32-29 foar. Yn it tredde kwart kamen de Grinzers lykwols op romme foarsprong: 46-56. Aris toande fearkrêft en naam flak foar tiid de lieding wer oer mei 65-64, mar Donar pakte mei in einsprint yn de lêste twa minuten dochs de oerwinning.

Trefwurden: 
basketbal Aris Donar
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)