Anne Hettinga stapt op as foarsitter stichtingsbestjoer

10 okt 2015 - 19:36

Anne Hettinga is opstapt as foarsitter fan it stichtingsbestjoer fan SC Hearrenfean. Op de webside fan SC Hearrenfean stiet dizze ferklearring fan Hettinga: ''Ik wil mijn gezin en mezelf niet langer blootstellen aan de omstandigheden van de afgelopen 48 uur. Dit besluit is genomen in overleg met de betrokken verantwoordelijken voor veiligheid.''

Fan 'e wike stiene inkele tsientallen supporters fan SC Hearrenfean by Hettinga thús foar de doar. Hy fielde him bot bedrige.

Hettinga is ien fan de haadrolspilers yn de soap dy't op it stuit geande is binnen it bestjoer fan SC Hearrenfean. Der is grut ferskil fan miening oer hoe't it fierder moat mei de klup. It stichtingsbestjoer soe sneontemoarn byinoar komme. Dy fergadering waard op it alderlêste momint skrast. It iennige punt op de wurklist wie it ûntslach fan foarsitter Jelko van der Wiel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)