Ferlies foar kuorballers fan De Hoeve en SCO

10 okt 2015 - 17:38

De kuorballers fan De Hoeve hawwe sneon de útwedstriid by Oost Arnhem mei 22-19 ferlern. De ploech fan trainer Sake Koelma stie by rêst mei 14-10 achter en slagge der yn de twadde helte net yn dizze achterstân goed te meitsjen.

Ferlies wie der ek foar SCO, dat mei 16-18 krekt te koart kaam tsjin SKF. De ploech fan trainer Aegle Frieswijk gong de klaaihokken yn mei in 12-12 rêststân. Yn de twadde helte wie it krûd damp by de Aldeholtpeasters en lutsen de gasten út Veenendaal oan it langste ein.

Trefwurden: 
kuorbal De Hoeve SCO
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)