ONS Snits en Rijnsburgse Boys diele de punten yn Snits

10 okt 2015 - 16:57

Topklasser ONS spile sneon op eigen fjild mei 2-2 lyk tsjin Rijnsburgse Boys. Yn de 12e minút tekene Yumé Ramos foar de iepeningstreffer. Op slach fan rêst soarge Renco van Eeken foar de 2-0. De gasten út Rijnsburg kamen lykwols sterk út de klaaikeamers en makken fuort nei rêst de oanslutingstreffer.

Lang liken de Snitsers mei pine en muoite de 3 punten oer de streek te lûken, mar yn it slot kaam Rijnsburgse Boys dochs noch op likense hichte. Yn in spektakulêre einfaze slaggen beide ploegen der net yn de winnende treffer te meitsjen.

It is it twadde lykspul foar de ploech fan trainer Richard Karrenbelt. Dêrmei komt ONS no op 8 punten út 8 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)