Gysbert Japicxpriis útrikt yn Martinitsjerke Boalsert

10 okt 2015 - 15:08

Koos Tiemersma hat sneon yn Boalsert de Gysbert Japicxpriis yn ûntfangst naam foar syn boek 'Einum'. Neffens de sjuery hat Tiemersma mei syn boek de plattelânsroman op 'e nij útfûn. De opset fan de Gysbert wurdt feroare. No wurdt de winner op it Fryske boekefeest bekendmakke en is de útrikking fan de priis in pear wiken letter.

Tenei sil de winner pas bekend makke wurde by de priisútrikkiing. Fierders waard yn Boalsert ferteld dat der in Ingelsktalige blomlêzing komme sil fan Fryske literatuer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)